Fytse fan Wurdum nei Wirdum fia Wirdum

18 sep 2015 - 10:13

In groepke fytsers sil freed en sneon de tocht Wurdum-Wirdum-Wirdum dwaan. In hiel ein fytse, fan it Fryske Wurdum fia it Grinslanner Wirdum, nei it Dútske Wirdum. Ferline jier diene se dit mei fiif fytsers, no binne it al 24.

It is de bedoeling om der in tradysje fan te meitsjen, lykas de eardere fuotbalwedstriden tusken de trije Wurdums, dy't ien fan de fytsers noch meimakke hat. De hoop is dat de fytstocht de sportive ûnderlinge bân tusken de doarpen wer oanhelje sil. Freed wurdt 165 kilometer fytst nei it Dútske Wirdum.

Sneon is de weromreis en dan wurdt fansels ek it Grinslanner Wirdum oandien.

Trefwurden: 
fytstocht Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)