Skea oan auto en carport troch brân Twizelerheide

18 sep 2015 - 06:05

Yn Twizelerheide binne yn 'e nacht fan tongersdei op freed in auto en in carport útbaarnd. De brân waard nei middernacht ûntdutsen. It fjoer ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn de auto. De flammen koene dêrnei oerslaan nei in salon en in kafee tichtby. By de brân wie sprake fan behoarlike reekfoarming. De wenning hat lichte skea oprûn.

Om 4 oere hinne koe it sein 'brân master' jûn wurde.

Trefwurden: 
Twizelerheide brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)