Nederlânske fuotbalfroulju ferpletterje tsjinstanners

17 sep 2015 - 21:37

De Oranje-liuwinnen hawwe de oefenwedstriid tsjin Wyt-Ruslân mei 8-0 wûn. Yn it stadion fan De Graafschap skoarden Sherida Spitse, Vivianne Miedema en Lieke Martens elk twa kear. Daniëlle van de Donk skoarde ek en der wie in eigen goal fan Wyt-Ruslân. It wie foar de Nederlânske froulju de earste wedstriid nei it WK fan juny. It folgjende doel is kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro.

De froulju ûnder 19 jier wûnen ek de twadde kwalifikaasjewedstriid. Mei 12-0 wiene se de baas oer Moldavië. Sisca Folkertsma fan Sleat stie wol yn de basis, mar waard krekt foar rêst wiksele. Lysanne van der Wal fan De Jouwer spile de hiele wedstriid. Snein spylje se op It Hearrenfean de topper tsjin Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)