Boargemaster Bilker: Utfiering taalwet Frysk ûnder de mjitte

17 sep 2015 - 18:55

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân fynt dat de útfiering fan de Fryske taalwet 'beskamsum en frijbliuwend' is. Hy pleitet dêrom foar de ynstelling fan in swiere advysried foar it Frysk. Dizze ried moat tafersjoch hâlde op de útfiering fan de Fryske taalwet en alle jierren minister en keamerkommisje befreegje en hearre.

De regeljouwing is dúdlik gjin garânsje dat it goed regele is. Neffens Bilker moat alle kearen de posysje fan it Frysk opnij befochten wurde.

As foarbylden neamt hy de posysje fan Omrop Fryslân en de rjochtsaak oer de dongsilo dy't net yn Ljouwert mar yn Almelo tsjinje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)