Freonen Omrop Fryslân fiere aksje foar selsstannige Omrop

17 sep 2015 - 18:02

De Freonen fan Omrop Fryslân fiere de kommende tiid aksje foar in selsstannige Omrop. Sa roppe de Freonen elkenien op om woansdei 23 septimber nei it provinsjehûs yn Ljouwert te kommen. Doel is de steateleden dúdlik te meitsjen dat de Omrop selsstannich bliuwe moat. Om Omrop Fryslân yn steat te stellen folweardige programma's te meitsjen, moat der finansjele stipe komme fanút de provinsje, sa sizze de Freonen fan Omrop Fryslân.

Op 19 septimber is ek de 'Dei fan it Fryske wurd' yn it gebou fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)