Fryslân moat sliepplakken sykje foar flechtlingen

17 sep 2015 - 17:45

It kabinet hat de foarsitters fan alle feilichheidsregio's frege om foar tongersdeitejûn noch sliepplakken foar flechtlingen te regeljen. It giet om 750 sliepplakken dy't mei "spoed" nedich binne. Neffens boargemaster Crone, foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân, sil it dreech wurde om dat tongersdei noch foar elkoar te krijen. Fryslân hoecht net in bepaald oantal te regeljen, it giet der om dat der yn totaal 750 plakken komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)