Hurdere opposysje troch fraksjes Ljouwerteradiel

17 sep 2015 - 17:31

De fraksjes fan Gemeentebelangen en de FNP fan Ljouwerteradiel sille hurder opposysje fiere. Se komme dizze moanne werom yn de gemeenteried en dogge wer mei oan de beslútfoarming. Mar de fraksjes sille ek faker saken bûten de ried om, fia de parse nei bûten bringe. Doel is om kwestjes op de aginda te krijen, dy't oars net troch de wethâlders yn de iepenbierheid brocht wurde.

De beide fraksjes boykotsje de ried sûns 21 maaie. Neffens de fraksjefoarsitters Ekas en Dijkstra wienen de wethâlders net betrouwber, kamen se mei ferkearde sifers op de proppen en fergriemden se jild troch flaters. De beide fraksjes binne yn de minderheid en fûnen dat se negearre waarden troch it CDA, de PvdA en VVD. Se koenen de boargers sa net goed fertsjintwurdige en stapten op.

Neffens beide fraksjes hat it statement fertuten dien en is der wat losmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)