Kinderopvang Esther nimt pjutteopfanglokaasjes Opsterlân oer

17 sep 2015 - 13:58
De oerdracht fan pjutte-opfangplakken fan Timpaan Kindercentra nei Kinderopvang Esther - Foto: Timpaan

Seis pjutte-opfanglokaasjes yn Opsterlân binne oergien fan Timpaan Kindercentra nei Kinderopvang Esther. Foar de simmerfakânsje makke Timpaan al bekend dat se harren pjutte-opfanglokaasjes konsintrearje woene, en dêrom lokaasjes ôfstjitte woe.

Twa lokaasjes binne foar de fakânsje al oerdroegen oan nije eigeners. De lêste seis lokaasjes wurde foar 1 jannewaris oerdroegen oan Kinderopfang Esther.

(advertinsje)
(advertinsje)