Tytsjerksteradiel siket mear plakken foar flechtlingen

17 sep 2015 - 13:48

Tytsjerksteradiel siket mear lokaasjes yn de gemeente foar de opfang fan flechtlingen. Neffens wethâlder Fokkema is dêr draachflak foar: de gemeenteried hat der sels om frege. By it AZC yn Burgum binne tolve caravans delset, dêr't 70 minsken in plak krije kinne.

It asylsikerssintrum sels wurdt op koarte termyn útwreide fan 450 nei 600 plakken. De gemeente hat noch gjin konkrete oare lokaasjes op it each. Mocht der noch wat fûn wurde, dan wurdt der earst oer praat mei omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)