Tariedings Groot Liwwadder Diner yn folle gong

17 sep 2015 - 12:46

1.000 minsken ite tongersdei op 'e Twabaksmerk yn Ljouwert. Sy krije in diner mei trije gongen, fersoarge troch ûnder oaren Paddy O'Ryan, Saray, Post Plaza en restaurant Het Leven. Fasilitêre stipe komt fan it provinsjehûs.

It diner wurdt organisearre yn it ramt fan Leeuwarden, hoofdstad van de smaak. It is de klapper op it programma fan dit evenemint. 50 koks hawwe de ôfrûne dagen al yn it foar itensean. Sy hawwe help hân fan studinten fan de middelbere hotelskoalle. It iten stiet opslein yn 'e kuolsellen fan it provinsjehûs.

Ek de D'drive oplieding fan it Friesland College wurket mei. Sa sil by it diner muzyk spile wurde. De jûn wurdt ôfsletten troch DJ's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)