De Waadsee is in swakke skeakel yn de rûte fan trekfûgels

17 sep 2015 - 11:03

De Waadsee is in swakke skeakel yn de East-Atlantyske rûte fan trekfûgels. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Wadden Sea Flyway Initiative. Dit is in gearwurkingsferbân wêrby't partijen belutsen binne út alle trije Waadseelannen.

De rûte fan de fûgels rint fan de Noardpoal, fia Europa en by de kust fan Súd-Afrika del. Hoe mear in trekfûgel ôfhinklik is fan de Waadsee, hoe minder it mei de fûgel giet.

It is net dúdlik wêrom't it krekt mei dizze fûgels minder giet. Undersikers tinke lykwols dat lokale faktoaren hjir in grutte rol yn spylje, lykas predaasje en it mindere oanbod fan iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)