Auto op 'e kop yn de sleat by Fryske Peallen

17 sep 2015 - 09:40

In frou is woansdeitejûn mei har auto op 'e kop yn in sleat bedarre by De Scheiding yn Fryske Peallen. De brânwacht en in ambulânse rukten út nei it ûngelok.

De frou is sels út har auto klommen en hoegde net nei it sikehûs. In berger hat de auto út de sleat takele en fuortsleept. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)