Kollum: It nijs fan De Bûten Post fan dizze wike

17 sep 2015 - 09:02

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"It foarsjenningsnivo yn Penjum is rom foldwaande en it winkelbestân hoecht net útwreide te wurden mei in bernepornosaak. Dat seit ûndernimmersferiening Handel en Nijverheid Pingjum, yn reaksje op de aktiviteiten fan in 37-jierrige doarpsgenoat. Penjum hat al in ridende winkel, in tsiisboer en in Frites Express, en dat is mear as genôch foar de seishûndert ynwenners, seit Handel en Nijverheid. De ûndernimmersferiening tinkt dat der gjin inkeld ferlet is fan in nije bernepornosaak.

As der in nij lânboumuseum by Goutum komt, kin dat plak biede oan tenminste trijehûndert feehâlders en bouboeren. Dêrmei kin in nij museum de ferwachte tastream fan boeren dy't ophâlde foarearst goed opfange. Neffens direkteur Henk Dijkstra fan it lânboumuseum is der in tanimmend ferlet fan in goeie akkommodaasje foar boeren dy't dermei ophâlde. Hy fynt net dat dizze minsken achter hikken en hege muorren fuortstoppe wurde moatte, mar dat de boeren better exposearre wurde kinne yn in museum, om de minsken sjen te litten dat boeren ea in wichtich part fan de maatskippij foarme ha.

It is noch mar de fraach oft de Alvestêdehal nije wike wol trochgiet. De plande iepening fan de nije reedridershal is twivelachtich wurden, no't rayonhaden konstatearre ha dat it iis noch lang net oeral de minimumdikte hat fan 16 sintimeter. Ek de waarberjochten lykje net te helpen. Ferskillende rayonhaden binne de ôfrûne dagen mei alarmearjende berjochten kaam oer de iisdikte op har part fan it parkoers. Nije wike hopet it bestjoer útslútsel jaan te kinnen oer it trochgean fan de Alvestêdehal.

It COA kin op koarte termyn hûnderten needflechtlingen leverje oan nije opfangsintra yn Fryslân. Yn koarte tiid is der troch de flugge groei fan nije azc's in tekoart oan asylsikers ûntstien, mar fanút Sint Anne, Burgum en Drachten kinne foarearst tydlike flechtlingen oanfierd wurde. It COA sil noch wol yn oerlis mei de gemeenten It Bilt, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân om de tydlike leechrin fan de trije besteande asylsikerssintra ôf te stimmen op de omwenjenden. Der wurdt rekkening holden mei wjerstân út de omjouwing.

Ferkear. De plysje hâldt in ferkearskontrôle tusken Ljussens en Peazens. De plysje sil op it trajekt foaral sykje nei it mooglik foarkommen fan automobilisten op it trajekt. Nei trije oere wurdt de dyk wer gewoan frijjûn foar kij en skiep."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)