Flylân krijt greiden mei blommen om mear ynsekten te lûken

16 sep 2015 - 14:45

Op Flylân wurde op ferskate plakken stikken greide mei blommen oanlein en ynsektehotels boud. Doel is dat der sa noch mear bijen, hommels, flinters en oare ynsekten nei it eilân komme.

It projekt hjit 'Vlieland bloeit' en is in inisjatyf fan it sosjaal kultureel jongereinwurk De Vliering op Flylân. Mei de jeugd fan it eilân moatte safolle mooglik mearjierrige planten en wylde planten mei in soad nektar delsetten wurde.

Trefwurden: 
ynsekten blommen Flylân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)