FBI belutsen by grutte bernepornosaak fan Penjumer

16 sep 2015 - 14:30

In 37-jierrige Penjumer is troch de rjochtbank yn Swolle feroardiele ta fiif jier sel en TBS. De man hat yn 2012 in tsienjierrich famke ferkrêfte en dat mei in kamera filme. Dêrneist hat de Penjumer jierrenlang folle mear berneporno makke, yn besit hân en ferspraat.

By him thús trof de plysje by syn oanhâlding ferline jier april in soad foto's, films en twa fideo-kamera's oan. De man makke diel út fan in ynternasjonaal bernepornonetwurk. De Sweedske plysje ûntduts in filmke dat de Penjumer mei oare mannen in famke misbrûkt.

Ek de Amerikaanske FBI dy't dwaande wie mei in grut ûndersyk, kaam yn Penjum telâne. De FBI fûn foto's en in fideo wêrop te sjen is dat de man in jonge misbrûkt. De rjochtbank rekkenet de Penjumer swier oan dat it giet 'om een zeer grote verzameling beeldmateriaal met beelden van zeer jonge kinderen en beelden met een zeer gewelddadig karakter'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)