Noed oer Frysk spoar nei grut tekoart fan ProRail

16 sep 2015 - 12:17

De provinsje Fryslân hopet dat plannen foar it spoar yn Fryslân noch wol trochgeane no't ProRail in tekoart hat fan hast in heal miljard. ProRail soe de tekoarten opfolje wolle mei jild dat bestimd is foar regionale spoarprojekten. It ûnderhâld fan it spoar is djoerder útfallen as de spoarbehearder yn it foar berekkene hie.

Deputearre Kramer seit skrokken te wêzen fan it nijs. Fryslân moat neffens him noch in slach meitsje as it giet om it spoarûnderhâld yn Fryslân. It tekoart fan 475 miljoen is op Prinsjesdag bekend makke.

Deputearre Kramer ferwachtet freed mear dúdlikheid oer de plannen foar it spoar yn Fryslân.

Trefwurden: 
ProRail spoar tekoart provinsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)