Measte Fryske gemeenten ree om flechtlingen op te fangen

16 sep 2015 - 13:00

Fryske gemeenten lykje wat gauwer ree om 'ja' te sizzen op de fraach oft de gemeente flechtlingen opfange wol. De NOS en de regionale omroppen hawwe ûndersyk dien ûnder twahûndert gemeenten yn Nederlân. Dêrby wienen ek 15 Fryske gemeenten.

Lanlik seit 43% fan de gemeenten 'ja', yn Fryslân leit dat persintaazje boppe de 60%. Yn hiel Nederlân antwurdet krekt wat mear as de helte 'miskien' op de fraach of der flechtlingen opfongen wurde kinne. Dat persintaazje leit yn Fryslân op 33%.

Yn hiel Nederlân sizze 8 gemeenten planút 'nee' op dy fraach, mar dêrby is gjin fan de ûnderfrege Fryske gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)