Ljouwerter stiet freed yn finale Wiskunde Olympiade

16 sep 2015 - 11:34

Lammert Westerdijk fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert stiet freed yn de lanlike finale fan de Nederlânske Wiskunde Olympiade op de Technyske Universiteit yn Eindhoven. Dit jier dienen 10.000 learlingen fan 354 skoallen mei oan de earste ronde fan de Olympiade. Der binne úteinlik 130 learlingen oerbleaun, dy't freed tsjin mekoar stride.

Lammert is goed yn wiskunde, syn gemiddelde sifer is in 10. Hy hat nei eigen sizzen goed oefene foar de finale en is der dan ek hielendal klear foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)