FNP hat soargen oer lûdsoerlêst fan wynmûnen

16 sep 2015 - 11:19

De FNP-steatefraksje makket him soargen oer de lûdsoerlêst fan wynmûnen dy't yn Fryslân komme moatte. Neffens de fraksje hat ûndersyk foar de Twadde Keamer útwiisd dat de mûnen yn Nederlân troch oare lûdsnoarmen folle tichter op huzen komme te stean as yn lannen om ús hinne.

Yn oare lannen binne ôfstannen fan 800 meter oant mear as in kilometer de noarm, hjir is dat 400 meter. De FNP wol no witte hoe ticht de besteande wynturbines op it lân op de wenningen yn Fryslân steane.

Ek wol de fraksje fan it kolleezje fan deputeare steaten witte wat de gefolgen foar de omwenners en de wynturbines binne.

Trefwurden: 
wynmûnen oerlêst lûd FNP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)