Undernimmers Ljouwert sjogge werom op Prinsjesdag

16 sep 2015 - 09:42

De fjouwer Rotary Clubs fan Ljouwert hawwe woansdei, de dei nei Prinsjesdag, foar de alfde kear it Miljoene-Ontbijt organisearre. Dat fûn plak op de Stenden Hegeskoalle yn de stêd. Tema wie dit kear 'De Crisis Voorbij'.

By it moarnsbrochje waard de fraach steld oft de krisis echt oer is. Fryske ûndernimmers binne oer it generaal posityf oer de nije Miljoenenota fan it kabinet. Guon fernimme dat it stadichoan wat better giet mei de ekonomy. Al lit in grutte banegroei noch efkes op him wachtsje.

Boargemaster Crone fan Ljouwert joech de ôftraap. Oare sprekkers wienen Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd en Friso Douwstra, fraksjefoarsitter fan it CDA yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)