Ruten skoalle Drachten ynsmiten: skea 15.000 euro

16 sep 2015 - 07:54
Foto: Facebook, Politie Oost-Fryslân

De plysje siket tsjûgen fan de fernieling fan in grut tal ruten fan skoalle de Talryk oan de Hurddraversdyk yn Drachten.

De fernieling wie yn it wykein fan 4 oant 7 septimber en soarge foar in skea fan 15.000 euro. Tsien grutte ruten by de haadyngong waarden ynsmiten.

(advertinsje)
(advertinsje)