Dokkumer mannekoar Pro Rege fiert 50-jierrich bestean

15 sep 2015 - 21:51

It mannekoar Pro Rege út Dokkum bestiet 50 jier en hat tiisdei it earste eksimplaar fan it jubileumboek oerlange oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Earder dit jier hawwe der al twa jubileumkonserten west.

It koar bestiet út 90 leden. In oantal derfan binne al fan it earste begjin ôf by it koar. It wurdt wol hieltiid dreger om nije leden te krijen, sa fernimme foarsitter Andries Postma en dirigint Dirk Norbruis.

Trefwurden: 
Pro Rege Dokkum Jubileumboek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)