Reedrydtop goed te sprekken oer nije Elfstedenhal Ljouwert

15 sep 2015 - 17:34

Sven Kramer, Michel Mulder en noch folle mear. Hast de hiele Nederlânske reedrydtop is dizze wike op besite yn de Elfstedenhal, de nije iishal fan Ljouwert. Se traine dêr yn tarieding op it nije seizoen.

No't Thialf noch midden yn de ferbouwing sit, is Ljouwert in moai alternatyf. De riders binne goed te sprekken oer de nije hal. En iismaster Meinder Timmerman is sa grutsk as in pau dat de wrâldtop yn Ljouwert traint. Wol seit hy mei klam dat de Elfstedenhal bedoeld is foar de breedtesport. En dat sil net feroarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)