Fryske plysjes sille woansdei yn Den Haach aksjefiere

15 sep 2015 - 17:08

Twa bussen mei Fryske plysjes gean woansdeitemoarn rjochting Den Haach foar in grutte aksjedei. Se sille mei tûzenen kollega's út it hiele lân de fjouwer belangrykste ministearjes blokkearje om sa omtinken te freegjen foar mear lean en bettere arbeidsbetingsten.

Gefolch fan de aksjes is dat plysjeburo's ticht binne tusken 7.00 en 17.00 oere. De plysje nimt allinnich driuwende meldingen yn behanneling. Der leit in oanbod fan 5% leansferheging, mar neffens de plysjes sit dêr jild yn dat oars foar de pensjoenen brûkt wurde soe.

Trefwurden: 
plysje aksje CAO Den Haach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)