F-16's oefenje takom wike op Flylân mei eksplosive lading

15 sep 2015 - 15:10

F-16's fan de fleanbasis yn Ljouwert en Volkel sille takom wike op Flylân oefenje mei bommen mei in eksplosive lading. Der wurde 43 bommen fan it type MK82 smiten op de oefenlokaasje de Vliehors. Der wurdt moarns en middeis flein.

Fanwegen de missy yn Irak moatte de piloaten mei bommen mei in eksplosive lading oefenje. Under de oefeningen is de Vliehors net foar publyk tagonklik.

Trefwurden: 
fleanoefening F-16 Vliehors
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)