Skieppehâlder út Hitzum te folgjen op twitter

15 sep 2015 - 10:02

Skieppehâlder Jeljer Wynia út Hitzum hâldt minsken dizze wike op de hichte oer syn wurksumheden. Dat docht hy troch te twitterjen oer syn wurk. Mei @boerburgertweet kinne minsken belibje wat der sa al bart by ferskate feehâlders. It akkount wurdt brûkt troch bygelyks bargehâlders, melkfeehâlders mar dus ek skieppehâlders.

Al wiken mei in oar it akkount brûke. Wynia hopet benammen dat hy troch te twitterjen mear begryp krijt foar syn wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)