Lutz Jacobi sûnder hoed op Prinsjesdag

15 sep 2015 - 07:39

Foar PvdA-twadde keamerlid Lutz Jacobi út Wergea is Prinsjesdag tiisdei oars as oars. Se is lid fan de kommisje 'In- en Uitgeleide'. Dat hâldt yn dat Jacobi ien fan de leden fan it keninklik hûs begeliede mei as dy op it Binnenhof oankomme.

In moai earebaantsje, mei ek wol wat foardielen: sa hoecht se net sa lang op de hurde bankjes yn de seal te sitten. Mar Jacobi mei as lid fan de kommisje gjin hoed op. "Ik klaai my hjoed netsjes en skjin, mar sûnder hoed."

Trefwurden: 
Prinsjesdag Lutz Jacobi hoed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)