Jong Hearrenfean 1-1 lyk tsjin Jong PEC

14 sep 2015 - 21:24

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn út yn Zwolle mei 1-1 lykspile tsjin Jong PEC Zwolle. De wedstriid kaam wat dreech op gong. Yn de 11e minút koe Jong PEC skoare. Tom Heerkes makke it doelpunt. Jong Hearrenfean gie dêrnei mei striid op jacht nei de lykmakker. Dy kaam pas yn de twadde helte, troch Stefan Gartenmann dy't yn in tize it net fûn. Kenny Otigba kirge ek noch in grutte kâns.

It wie in spannende wedstriid mei in protte striid. Hearrenfean is tefreden mei it 1-1 lykspul.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)