Ferhuzing Noarderlingen "gjin goed idee"

14 sep 2015 - 14:57

It is ekonomysk gjin goed idee om minsken út it Noarden ferhúzje te litten nei de Rânestêd fanwege wurk. Dat seit regionaal ekonoom Jouke van Dijk fan de Ryksuniversiteit Grins. Heleen Mees skreau yn De Volkskrant dat Fryslân, Grinslân en Drinte it net rêde sûnder oerheidsstipe. Better soe wêze de Noarderlingen ferhúzje te litten nei de grutte stêden, lykas yn Sina.

Van Dijk rekkenet ôf mei dy opfetting fan Mees. De miljoenestêden yn Sina hawwe achterstânswiken mei grutte wurkleasheid. Dat is ek sa yn Amsterdam en Rotterdam.

Fierders neamt Van Dijk Nederlân 'ien grutte stedstún'. De ôfstân tusken it plattelân en de stêd is hjir net sa grut. Dêrom is it net needsaaklik om nei de stêd te ferhúzjen.

Lês hjir de kollum fan Heleen Mees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)