Molly Chen út Sina wurdt nije lektor Dairy Campus

14 sep 2015 - 14:50

Molly Chen út Sina sil oan de slach as lektor oan de Dairy Campus yn Ljouwert. De campus is in kennissintrum foar de suvelsektor fan ûnder oare hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. De skoalle hat ek in gearwurking mei de China Agricultural University yn Peking, dêr't Chen wurket.

Chen komt foar fjouwer jier nei Ljouwert ta. Har spesjaliteit is ynternasjonale konkurrinsje yn de suvelsektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)