Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra yn aksje by CL-duel

14 sep 2015 - 12:04

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp komt woansdei yn aksje by it Champions League-duel tusken AS Roma en FC Barcelona. Zeinstra is yn dy wedstriid de earste assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers. De wedstriid wurdt spile yn it Stadio Olimpico yn Rome.

Ek Mario Diks út Ljouwert en Hessel Steegstra út Snits komme as assistinten yn aksje yn de Champions League. Sy helpe skiedsrjochter Danny Makkelie yn de wedstriid tusken Leverkusen en Bate Borisov. Foar Steegstra is it syn debút op it miljoenebal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)