Nije lesmetoade op skoalle Reahûs foar sûnere libbensstyl

14 sep 2015 - 08:42

De Sint Bonifatiusskoalle yn Reahûs is de earste basisskoalle yn de gemeente Littenseradiel dy't moandei úteinset mei it projekt 'Lekker Fit! Fryslân'. Dizze lesmetoade is makke om bern te learen hoe't se sûner libje kinne en dat hat te krijen mei bewegen en goed iten.

Sa krije de skoalbern yn Reahûs bygelyks in sportive 'workout' fan sportsintrum Akkermans yn Wommels en op skoalle krije se les oer in sûne libbenswize. It projekt bestiet út acht lessen foar de groepen 4 oant 8.

Neist de masters en de juffen wurde der ek in diëtist en in fakdosint bewegingsûnderwijs by belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)