Snits Wyt Swart lit punten lizze yn Rosmalen

13 sep 2015 - 20:20

Snits Wyt Swart Boso Snits hie de twadde winst fan it seizoen yn de topklasse te pakken, mar krige yn de ekstra tiid it lid op 'e noas. Yn de útwedstriid tsjin OJC Rosmalen krigen de Snitsers yn de 11e minút in strafskop en de keeper fan Rosmalen in reade kaart. Daniël Zwart skoarde fan alve meter. Yn de twadde helte moast de ynfalkeeper mei in blessuere nei de kant. Fjildspiler Guus Habraken kearde dêrnei as keeper de twadde penalty fan Zwart. Fier yn de ekstra tiid makke de thúsploech, ek fan alve meter, de lykmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)