Grutte brân yn Kollumersweach ûnder kontrôle

13 sep 2015 - 16:40

De grutte brân yn in loads oan de Foarwei yn Kollumersweach is ûnder kontrôle. De loads lei fol strie en der is in shovel ûnderweis om dat derút te riden sadat der better blust wurde kin.

De brânwacht fan Bûtenpost, De Westereen en Damwâld binne der mei gewoane brânwachtweinen by. Der is in heechwurker út Dokkum en twa wettertransportauto's út Burgum en Grins. Mjitploegen hawwe gjin skealike konsintraasjes metten, mar de reek is net hiel heech kaam. Dêrtroch binne der stikjes ferbaarnd materiaal delslein.

De brânwacht advisearret minsken griente fan de tún goed te waskjen foardat it iten wurdt.

Trefwurden: 
brân Kollumersweach loads
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)