Opsterlân docht oprop oan eigeners: Helje boat derwei

13 sep 2015 - 12:14
Ien fan de âlde boaten dy't fuort moatte fan de gemeente

De gemeente Opsterlân ropt de eigeners fan fjouwer boaten yn de gemeente op om dy fuort te heljen, omdat se yn it paad lizze. Oan in steger bij it Sudergemaal yn Nij Beets leit al skoften in boat, wêrtroch't oare boatsjeminsken net oanlizze kinne. In eintsje fierder lizze twa fertutearze sylboaten en by it Wetterskipsgemaal yn Terwispel leit ek in âlde boat.

De gemeente jout de eigeners oant nije wike moandei de tiid om se derwei te heljen. Oars rêdt Opsterlân der sels mei.

(advertinsje)
(advertinsje)