Twa poadiumplakken foar Nyck de Vries op Nürburgring

13 sep 2015 - 12:07

Nyck de Vries fan Snits hat by de races fan de World Series by Renault op 'e Nürburgring twa poadiumplakken behelle. De 20-jierrige autoracer einige as twadde yn de earste wedstriid op de Nürburgring. De Snitser begûn fan it fjirde plak en koe by de start fuortendaliks twa auto's ynhelje. Lieder yn it klassemint, de Brit Oliver Rowland, wûn de race op it sirkwy yn Dútslân.

De Vries sette syn goede foarm troch yn de twadde race op de Nürburgring, der behelle hy snein in tredde posysje. De Snitser begûn as njoggende oan de wedstriid en ried him nei in spektakulêre race wer nei it poadium.

Troch syn twa poadiumplakken stiet De Vries no tredde yn it algemien klassemint mei 116 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)