Kuorballers LDODK ferlieze de twadde wedstriid ek

13 sep 2015 - 10:53

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn de twadde wedstriid fan it nije seizoen yn de eareklasse ek ferlern. Thús gong de formaasje fan trainer Erik Wolsink mei 17-19 ûnderút tsjin KCC út Capelle aan den IJssel.

LDODK begûn goed oan de wedstriid en rûn út nei in 10-7 rêststân. Yn de twadde helte kaam KCC lykwols hieltyd tichteby. By in stân fan 15-15 moast Femke Faber it fjild mei in blessuere ferlitte. De gasten út Capelle aan den IJssel namen de lieding oer en pakte sa de winst.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)