Westlike baan N381 by Wynjewâld klear

13 sep 2015 - 10:47

Autoferkear kin fan moandei ôf oer de westlike baan fan de nije dûbelbaans N381 by Wynjewâld. It hoecht dan net mear oer 'de 'bocht fan Wynjewâld' en kin rjochtút ride. By Wynjewâld rydt it ferkear ûnder de Weinterp troch. By Donkerbroek komt it oer de op- en ôfritten wer op de hjoeddeiske N381.

De kommende tiid wurkje de dykoanlizzers oan de eastlike baan. It stik dyk fan 'de bocht by Wynjewâld' wurdt der dan ek weihelle. De eastlike baan giet ein dit jier iepen.

Trefwurden: 
N381 Wynjewâld dyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)