Grutste nederlaach yn earedivyzje oait foar Cambuur

12 sep 2015 - 23:56

SC Cambuur is tsjin de grutste earedvyzjenederlaach oait oprûn. Yn Ljouwert ferlear de ploech fan Henk de Jong mei 0-6 fan PSV. Beslissend momint wie de achtste minút doe't PSV in penalty krige. Sander van der Streek krige de bal op de hân en skiedsrjochter Kevin Blom joech in dubieuze penalty en in reade kaart. Luuk de Jong skoarde en trije minuten letter skoarde er alwer. Krekt foar rêst soarge De Jong foar in hattrick en de 0-3 stân.

PSV sette de twadde helte troch en mei in man minder wie Cambuur kânsleas. De einstân waard 0-6.

Davy Pröpper makke nei 56 minuten de 0-4 en ynfaller Jürgen Locadia brocht de einstân op 0-6. Yn de 74e minút skoarde er út in frije traap de fyfde goal en mei in kopbal de sechsde.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)