Publyk foar it earst yn nije part fan Park Vijversburg

12 sep 2015 - 18:02

It nije diel fan Park Vijversburg yn Tytsjerk is dit wykein foar it earst te bewûnderjen. It histoaryske park, ek wol bekend as Bosk fan Ypey, is útwreide mei trije nije parkdielen. Alle trije ha se in oare ynfolling. Der is in part dêr't in doalhôf en in stjerrebosk gearfoege binne. It twadde part is bedoeld foar bern om te boartsjen, mei ûnder oare in wetterdoalhôf.

It tredde part is in ûntdekkingstún wurden mei in tunnel, hingmatten en in beamhutte. De earste iepen dei luts sneon gelyk in soad nijsgjirrigen.

Takommende maitiid wurdt it folsleine park offisjeel weriepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)