Blau Wyt '34 wint Ljouwerter twastriid fan de Sweltsjes

12 sep 2015 - 16:51

Blau Wyt '34 wûn sneon de Ljouwerter derby mei 2-0 fan Ljouwerter Sweltsjes. Op sportpark Nijlân kaam Blau Wyt yn de 26e minut op foarsprong troch in treffer fan Jeton Musliu. De Sweltsjes besochten wol wat werom te dwaan, mar de ploech fan trainer Johan Wijnsma slagge der net yn de 1-1 op it boerd te setten. Dyselde Musliu soarge yn de slotfaze mei in strafskop foar de einstân. It is de twadde oerwinning foar de ploech fan trainer Kees Jansen.

Balk hie gjin muoite mei Groen Geel en pakte 3 punten mei de 4-1 winst. In soer ferlies wie der foar BCV, dat mei 1-0 ûnderút gie by Omlandia. Feanwâlden pakte in histoaryske earste oerwinning troch mei 1-0 te winnen fan Bedum. Bûtenpost wûn mei 4-1 fan Viboa. De Bûtenposters einigen de wedstriid sûnder Jorrit Terpstra, de man fan de wedstriid, dy't mei in nekblessuere fan it fjild gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)