Nij rekôr flaaks rûpelje yn Ferwert

12 sep 2015 - 16:50

Yn Ferwert is sneon in nij rekôr flaaks rûpeljen delset. Mear as 100 rûpelders wiene tagelyk dwaande op it terrein fan it Ferwerter doarpsfeest. Op mear as 50 rûpelbanken koene de dielnimmers de siedknoppen fan it flaaks ôfhelje. Dit waard safolle mooglik dien yn âlderwetske klean en skelken. Jong en âld die mei om in nij Frysk rekôr te heljen.

Ek wie der kontakt mei it Guinness Book of Records om sa yn it folgjende boek kommen te kinnen, mar dat slagge net. De organisaasje wie likegoed tige tefreden oer de opkomst.

Ferwert hat in rike tradysje as it om it bouwen en ferwurkjen fan flaaks giet. Dy tradysje woene se sa op ‘e nij ta libben bringe. It evenemint waard organisearre troch Afron, de Fryske feriening foar histoaryske lânbou, PAFH, it Flaaksmuseum en de Strampel.

Trefwurden: 
flaaks rûpelje Ferwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)