Derek Buitenzorg fyfde op draverij Wolvegea

12 sep 2015 - 13:29

Draafhynder Derek Buitenzorg is sneon as fyfde einige op de hurddraverij yn Wolvegea. Derek rûn ien fan syn bettere koersen en siet wer ticht by syn persoanlike rekôr. Hy rûn sels oardel sekonde hurder as op de trainings. Op de lêste meters ferlear it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân syn tredde plak en kaam as fyfde oer de einstreek.

Trainer Arend de Wrede wie tige te sprekken oer de prestaasje fan Derek. "Hy rûn wer as in klokje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)