Sa'n sechtich minsken fan de Waadferiening steane sneon stil by it 50-jierrich bestean fan de feriening. Sy kuierje dêrom oer it Waad. En net samar oer in droech stikje, mar tusken Holwert en It Amelân. Dêrby komme sy ek by plakken del dêr't ea in daam oanlein wurde soe. Dêrom hjit de kuiertocht de 'Van dam tot geen dam wadlooptocht'.
Op It Amelân is dit wykein ek noch in grutte reüny fan frijwilligers, meiwurkers en bestjoersleden fan de Waadferiening.