Ljouwerters bringe guod foar flechtlingen nei WTC

12 sep 2015 - 11:58

Yn it WTC Expo yn Ljouwert kinne minsken oant fjouwer oere sneontemiddei pakketsjes mei guod foar flechtlingen bringe. It inisjatyf foar de aksje 'Leeuwarden verwelkomt' is naam troch in groep studinten út Ljouwert, nei foarbyld fan soartegelikense aksjes yn Amsterdam, Grins, Leiden en Den Haach. Minsken kinne pakketsjes meitsje mei klean, hâldber itensguod en boartersguod.

Frijwilligers sorteare it guod. Minsken fan it Reade Krús sille it guod moandei ophelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)