Google siket noch mear frijwilligers foar Fryske ferzje

12 sep 2015 - 11:49

Der binne noch net genôch frijwilligers om it Frysk op Google Translate te krijen. Google Translate is de oersetmasine fan it Amerikaanske ynternetbedriuw Google. Op it stuit kinne der 86 talen oerset wurde, mar it Frysk sit der noch net by. Google hat dêrom in oprop dien oan Fryskskriuwers om mei te helpen. Mei-inoar binne der in pear hûndert frijwilligers nedich.

It is it doel dat sy fan 21 oant en mei 26 septimber wurkje oan it oersetten fan Ingelske sintsjes en teksten yn it Frysk.

Trefwurden: 
Google Google Translate Frysk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)