Froulju SC Hearrenfean ferlieze fan Telstar

11 sep 2015 - 21:50

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn thús mei 3-2 ferlern fan Telstar. De froulju kamen yn de 1e minút al op efterstân. Nei hast in healoere spyljen kamen de Feanster froulju gelyk, om koart dernei de 2-1 te meitsjen. Flak foar rêst skoarde Telstar de lykmakker. SC Hearrenfean krige yn de twadde helte in soad kânsen, mar wist dy net te fersulverjen. Yn de 84-ste minút skoarde Telstar wol en broch de einstân op 2-3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)