Ekskús foar Sven Kramer fan atlete Dafne Schippers

11 sep 2015 - 19:11

Atlete Dafne Schippers hat fia Twitter har ekskús oanbean oan reedrider Sven Kramer. Schippers krige op in parsekonferinsje de fraach of har status fergelykber is mei dy fan Sven Kramer, no't se wrâldkampioen is op de 200 meter. Schippers antwurde doe mei in knypeach dat har status eins grutter is om't reedriden gjin mondiale sport is. Op sosjale media wie der in soad krityk op dy opmerking. Neffens Schippers is har opmerking grutter makke en wie it allegearre net sa bedoeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)