Omrop TIP: It libben fan in kickbokser yn Fryslân DOK

12 sep 2015 - 08:19

Trije moanne lang folge programmamakker Janko Krist twa kickboksers foar de dokumintêre 'Knokke'. It binne Tom de Smet (19) fan Ljouwert en Patrick ‘Peye’ Veenstra (28) fan De Westereen. Harren coach Stefan Berkenpas spilet in grutte rol yn it libben fan de beide mannen.

Rjochtestudint Tom is ien fan de grutste kickbokstalinten fan Nederlân en dus ek fan de wrâld, want Nederlanners binne geweldige kickboksers. Hy kombinearret syn stúdzje mei de sport. In technyske fjochter dy't it ek yn de ring hawwe moat fan syn yntelliginsje.

Patrick bruts syn foet by in gefjocht. By him folget Janko it revalidaasjetrajekt. Mentaal is Patrick oersterk, want de measte minsken wiene ophâlden nei sa'n blessuere. Ek sette sponsors him ûnder druk: hy moat yn in spannend gefjocht prestearje om syn karriêre te behâlden.

De coach fan de boksers, Stefan Berkenpas, is miskien wol de bêste kickbokscoach fan de wrâld. Hy hat in sportskoalle yn Ljouwert: Mejiro Gym. Grutte fjochters út Amearika komme nei Ljouwert om troch him traind te wurden. Dêrneist fljocht hy de hiele wrâld oer om boksers te begelieden by wedstriden.

'Knokke' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Fanwege de heftige bylden wurde der twa ferskillende ferzjes útstjoerd. Foar 20.00 oere is in oanpaste ferzje te besjen dy’t geskikt is foar alle leeftiden. Nei 20.00 oere wurdt de orizjinele ferzje útstjoerd. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Trefwurden: 
Omrop Tip kickbokse Knokke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)