It Amelân siet ferkeard mei opsizzen hier

11 sep 2015 - 16:01

De gemeente It Amelân hat ûnterjochte de hier fan Galerie Philadelphia yn Nes opsein. Dat hat de kantonrjochter bepaald. De galery sit yn it eardere gemeentehûs. It Amelân woe de galery derút hawwe, om plak te meitsjen foar de Waddencampus. Dat is in ûnderwiisprojekt mei as doel it ûnderwiis better oanslute te litten op de arbeidsmerk. Mar neffens de rjochter binne de plannen foar de Waddencampus net konkreet genôch en dêrom is it net needsaaklik dat de galery derút giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)